Joadske huzen yn Ljouwert opnij iepen foar publyk

De âlde Joadske buert yn Ljouwert, om 1927 hinne © HCL
Der komt dit jier wer in edysje fan de Iepen Joadske Huzen yn Ljouwert. De dei wurdt hâlden op 1 maaie. Op dy dei binne yn Ljouwert tsien huzen dy't de Joadske bewenners yn de oarloch ferlitte moasten, iepen foar publyk.
Neibesteanden, buertbewenners en saakkundigen fertelle oer ferfolging, ûnderdûken, ferset, deportaasje en weromkear. Yn de huzen wurdt in betinking hâlden, dêr't besikers wolkom by binne om te harkjen of in bydrage te leverjen.
Op it Joadske begraafplak, yn it Fersetsmuseum en yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert binne rûnliedings of oare spesjale aktiviteiten. Alle aktiviteiten binne fergees tagonklik.