Fiif bestjoerders pakt by grutte alkoholkontrôle

Alkoholkontrôle (argyffoto) © Omrop Fryslân
By in grutte alkoholkontrôle binne sneontejûn en -nacht yn Smellingerlân en Opsterlân fiif autobestjoerders pakt dy't tefolle dronken hiene. De plysje liet 800 autoriders in blaastest dwaan.
Tsjin de fiif drankriders wurdt proses-ferbaal opmakke. Fjouwer fan harren wurde ek by it CBR oanmelden foar in ûndersyk nei rydgeskiktheid. Njonken de boetes foar alkohol, waarden ek twa boetes útdield foar wyldpisjen en riden sûnder rydbewiis.