Bouwer Dijkstra-Draisma is duorsumste fan Nederlân

Boubedriuw Dijkstra Draisma fan Boalsert is tiisdei op Building Holland útroppen ta meast duorsume bouwer fan Nederlân. Foar de sjuery telde benammen it grut ferskaat oan projekten en aktiviteiten op it mêd fan duorsum bouwen troch it bedriuw swier mei.
It Boalserter bedriuw wie ien fan de 42 kânshawwers, mar wûn ûnder oare mei de ynstjoering fan de ferjonging fan 34 hierwenten op It Hearrenfean en de transformaasje fan it eardere plysjeburo nei de Veilige Veste fan Fier Fryslân yn Ljouwert.