UPDATE: Is yn dyn gemeente it earste ljipaai al fûn?

Moandei wie it safier: yn de greide tusken It Hearrenfean en Sint-Jânsgea fûn de 25-jierrige Armanda Stuiver it earste ljipaai fan Fryslân. Dêrmei fersloech se krekt Jan Willem Postma fan Boalsert. Dy fûn tweintich minuten nei Stuiver it earste aai fan Súdwest-Fryslân by Sibrandabuorren. Postma hie snein ek al in ljipaai fûn, mar dat aai kaam net troch de lottertest. 
Ek yn de oare Fryske gemeenten wurdt noch hieltyd drok socht.
Opsterlân
Fokke van der Meer fan Beetstersweach fûn fannemoarn it earste ljipaai fan de gemeente Opsterlân. Hy seach it aai tsjin healwei alven lizzen yn de omkriten fan Olterterp. Van der Meer krijt freedtemiddei op it gemeentehûs de oarkonde en it finerslean fan boargemaster Ellen van Selm.
Tytsjerksteradiel
Wilco van der Zwaag fan Ryptsjerk hat it earste ljipaai fan Tytsjerksteradiel fûn. Dat wie woansdei om in oere of fiif oan de Binnendyk yn Ryptsjerk. Van der Zwaag giet freed nei lokoboargemaster Doeke Fokkema op it gemeentehûs. Dêr krijt er in oarkonde en in attinsje, seit de gemeente.
Harns
Jan Kroese en Wiebe Palstra fan Boalsert hawwe tongersdeitemoarn om kertier oer alven it earste ljipaai fan de gemeente Harns fûn. Dat lei yn in stik lân tusken Harns en Achlum. Freed krije de beide manlju fan boargemaster Roel Sluiter it finerslean en de oarkonde.
Skylge
Op Skylge wie it tiisdeitemoarn in tref foar Johan de Jong fan Aldhoarne. Hy fûn it aaike by de einekoai fan Landerum.
Ljouwert
It earste ljipaai yn de gemeente Ljouwert is tiisdei oan 'e ein fan de middei fûn. André Zwiers fan Koarnjum en Oane Hoekstra út Stiens fûnen it aai yn in stik lân by Lekkum. Boargemaster Crone sil de twa manlju op it stedhûs yn Ljouwert ûntfange. Se krije dan in oarkonde en finerslean. It aai wurdt net lottere, mar bliuwt yn it nêst lizzen.
De Fryske Marren
Durk Fopma fan Toppenhuzen hat moandeitemiddei om trije oere it earste ljipaai fan de gemeente De Fryske Marren fûn. Fopma mei him tiisdeitemiddei op it gemeentehûs fan De Jouwer melde by de boargemaster.
Hearrenfean
Yn de gemeente Hearrenfean is moandei ek it earste ljipaai fûn. Hennie van der Heide fan Aldhoarne wie de gelokkige. Hy fûn it aai yn de Tsjongervallei flakby syn wenplak. Van der Heide wie al twa kear earder de finer fan it earste gemeente-aai. Hy krijt tiisdeitemiddei op it gemeentehûs in oarkonde, in bosk blommen en it finerslean.