Yntegriteitsrapport: "Riedslid Marinus hat dûbele pet op"

Ut in yntegriteitsrapport oer de gong fan saken oer soarchoanbieder Springth docht bliken dat der sprake is fan belangeferstringeling. Ald-riedslid Marinus fan Opsterlands Belang soe tusken maaie 2014 en april 2015 yn striid hannele hawwe mei de gemeentewet en de gedrachskoade integriteit. Springth is it bedriuw fan syn frou.
De soarchoanbieder hie in oerienkomst mei de gemeente op basis fan 25.000 euro. Ut it ûndersyk fan buro Berenschot docht bliken dat wethâlder Kooistra riedslid Marinus net wiisd hat op syn dûbele pet.
Ferskate amtners soene de wethâlder wiisd hawwe op de sinjalen dat in oerienkomst mei Springth in risiko wêze soe. Boppedat hat Marinus him tusken maaie 2014 en augustus 2015 yn petear mei de gemeente foardien as fertsjintwurdiger fan Springth, wylst er doe riedslid wie.
Boargemaster Van Selm fan Opsterlân fynt it "een stevig en confronterend onderzoek". De resultaten falle har net ta. "Dit rapport geeft volstrekte duidelijkheid over deze zaak. Een gemeente moet van onbesproken gedrag zijn en dat is voor mij dan ook aanleiding geweest om op basis van de signalen die mij bereikten, onderzoek te laten doen. Momenteel is de nieuwe integriteitscode voor de gemeente in ontwikkeling en we gaan de ervaringen van deze zaak daarin betrekken om die code verder aan te scherpen en te optimaliseren. Hier ligt een belangrijke opdracht voor de gemeenteraad", sa seit Van Selm. Wethâlder Kooistra wol noch net foarútrinne op in mooglik ôftreden.
Op 29 maart wurdt de saak ynhâldlik bepraat yn de riedsgearkomste fan de gemeente. Boargemaster en wethâlders fan Opsterlân komme letter fan 'e wike mei in reaksje. Wethâlder Kooistra fynt de útkomsten fan it rapport 'pittich', mar wol der yn ôfwachting fan de riedsgearkomste op 29 maart neat oer sizze. It ûndersyk is útfierd troch buro Berenschot.