Armanda Stuiver fynt earste ljipaai fan Fryslân

Yn de greide tusken It Hearrenfean en Sint-Jânsgea is moandeitemoarn tsjin tolve oere it earste ljipaai fan Fryslân fûn. De 25-jierrige Armanda Stuiver fûn it aai yn de greide oan de Vogelzangwei. Neffens foarsitter Rendert Algra fan it BFVW is it de twadde kear yn 'e skiednis dat it earste ljipaai troch in frou fûn is.
It aai is al lottere en farsk. It is no it doel dat kommissaris fan de Kening John Jorritsma op learzens it lân yn giet om it ljipaai op lokaasje te besjen.