Grutte brân yn Minnertsgea ûnder kontrôle

De grutte brân oan de Langedyk yn Minnertsgea wie om healwei fjouweren ûnder kontrôle. De brân bruts oan it begjin fan sneintemiddei út yn in wenhûs by in boerepleats. Der wiene gjin minsken yn 'e hûs. De wenning is hielendal ferlern gien. De ynset fan de brânwacht wie der foaral op rjochte om foar te kommen dat it fjoer oersloech nei de trije loadsen njonken de wenning. Hjirfoar waarden ekstra korpsen ynset en in grut wettertransport.
Tsien hynders út ien fan de loadsen koenen rêden wurde. Yn de oare beide loadsen sitte piken.
Ek dy loadsen koene behâlden bliuwe. By de brân binne gjin skealike stoffen frijkaam.