Twa manlju mishannele yn De Drait yn Drachten

© Omrop Fryslân
Op de rotonde fan de Lauwers en de Postleane yn Drachten binne sneontenacht om 3 oere twa manlju mishannele. De manlju waarden slein troch minsken dy't yn in grize Peugeot 306 sieten. Nei de mishanneling setten de dieders wer ôf en waard de plysje belle. De plysje fûn de auto wer werom, mar de dieders net.
Beide slachtoffers hawwe oanjefte dien fan iepentlik geweld en fernieling. De plysje is ek noch op syk nei in tsjûge, dy't ûnder it ynsidint lâns ried. It soe gean om in frou fan tusken de 50 en 60 jier yn in grize auto.
De plysje is nei dizze tsjûge op syk en soe graach sjen dat se har by de plysje meldt om de plysje by it ûndersyk te helpen.