Plysje trappearret Portugese drankrider yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje fan Ljouwert hat sneontemoarn betiid it rydbewiis fan in 30-jierrige Portugees ynnaam. De man fûl op doe't er opfallend stadich en slingerjend oer de Tesselschadestrjitte ried.
Ut in blaastest die bliken dat de man tefolle dronken hie. Neist dat syn rydbewiis ynnaam waard, krige de man ek in rydferbod fan acht oeren.