Schulting pakt wer punten op WK shorttrack

Suzanne Schulting © awfoto.nl
Suzanne Schulting (18) fan De Tynje makket noch hieltiten kâns op it heljen fan de ôfslutende superfinale op it WK shorttrack yn Seoul. Schulting moat dan wol goed presteare op de 1000 meter fan snein. Op de 500 meter rêde Schulting it net yn de heale finale. Se kaam te koart tsjin grutte nammen as Fan Kexin fan Sina en Marianne St-Gelais fan Kanada. Yn de B-finale makke Schulting in flaterke yn de lêste bocht. Se waard hjir tredde.
Schulting stiet no mei trije punten op in dield 9de plak yn it klassemint.