600 putsjes wurde dien yn it ramt fan NL doet

Op tal fan plakken yn Fryslân dogge frijwilligers freed en sneon mei-inoar 600 putsjes yn it ramt fan NL Doet. Dit is neffens it Oranje fûns it grutste frijwilligersevenemint fan it lân. Benammen it ûnderwiis en organisaasjes yn de soarch- en wolwêzenssektor meitsje gebrûk fan NL Doet.
By NL Doet binne de dielnimmers benammen aktyf mei himmeljen fan gebouwen of it opknappen fan romtes. Yn Fryslân wurde mei-inoar 600 putsjes útfierd en dat is fyftich mear as ferline jier.