Fjouwer doarpen Aengwirden krije buertlabel feilich ferkear

© ANP
De doarpen Tsjalbert, Lúnbert, Gersleat en Terbant krije woansdei alle fjouwer in buertlabel foar feilich ferkear. It is foar it earst dat fjouwer labels yn itselde gebiet útrikt wurde. De labels binne fan Veilig Verkeer Nederland. Dy hat de ynwenners fan de doarpen holpen by in ûndersyk nei de ferkearsfeiligens.
De útkomsten wurde woansdei presintearre. Oan de hân dêrfan meitsje de doarpen in aksjeplan dêr't se de kommende trije jier mei oan de slach gean.