Falliseminten dupearje tsientallen staazjerinners Ljouwert

Studinten fan Fryske MBO-skoallen ûnderfine problemen troch de falliseminten fan de winkelketens lykas V&D, Scapino en Perry Sport. Tsientallen studinten fan it Friesland College en ROC Friese Poort moasten hjirtroch de staazje earder ôfbrekke.
Sa'n tweintich studinten fan it Friesland College út Ljouwert rûnen staazje by de V&D. Yntusken hawwe de MBO-ers hast allegear in nij staazjeplak fûn. Neffens staazjebegelieder Menno van der Hoek fan it Friesland College rinne de studinten gjin fertraging op, as sy de oeren mar ynhelje.
Dit kin dan bygelyks yn de fakânsje of yn it wykein.
It Friesland College seit goed betocht te wêzen op de dupearre studinten. Neffens van der Hoek wurde sy goed begelaat om sa gau as mooglik in nije staazje te finen. Benammen studinten mei de rjochting detailhannel en hoareka hawwe lêst fan de falliseminten.
De staazjebegelieder is net benaud dat studinten no net mear foar in oplieding yn de detailhannel kieze, om't der noch genôch oare staazjeplakken te finen binne.