Toeristen betelje om Skylger strannen skjin te meitsjen

Op Skylge wurdt dizze wike hurd wurke om de strannen frij fan ôffal te krijen. En net allinne troch eilanners, ek sa'n 35 toeristen binne spesjaal foar de himmelaksje nei it eilân kaam. It eilanner hostel Stay Okay hat in spesjaal arranzjemint foar dizze minsken. Moarns strânhimmelje, middeis frij en jûns wurdt der in aktiviteit organisearre.
It is dit jier foar de 25e kear dat dizze skjinmakwike holden wurdt. Guon skjinmakkers wiene der dit jier foar it earst by, mar oaren komme al 20 jier nei it eilân om te himmeljen.
By de start fan de himmelwike, ôfrûne moandei, stuts ek boargemaster Bert Wassink de hannen út 'e mouwen. Hy hat ien moarn mei de himmelers op 'en paad west en spruts syn wurdearring út foar it wurk. Mar, sei de boargemaster, it makket ek mismoedich dat der alle dagen safolle ôffal oanspielt op de strannen. Foarich jier hellen de skjinmakkers mear as 5000 kilo ôffal fan de strannen op Skylge. Wat de skoare dit jier wêze sil, is noch net dúdlik.