"Opfang flechtlingen op It Fliet yn Wytmarsum gjin opsje"

It opfangen fan asylsikers op rekreaasjepark bûtenpleats It Fliet yn Wytmarsum is gjin opsje. It COA (Centraal Orgaan Opvang Asielzoekers) hat praat mei de eigener, mar wol der net mei fierder.
Doarpsbelang Wytmarsum wol al dat der sjoen wurdt nei de lokaasje It Fliet. Yn in enkête dy't se takom wike ferspriede yn it doarp meie de Wytmarsumers har miening jaan oer de komst fan in AZC.
It COA wol it leafst flechtlingen opfange yn it âlde kleaster yn it doarp. Doarpsbelang wol no witte wêr't it measte draachflak foar is by de bewenners.
De útkomst moat uterlik 28 maart bekend wêze.