Plysje hellet drankrider fan de dyk en nimt rydbewiis yn
De plysje yn Ljouwert hat moandei oan de ein fan de middei it rydbewiis fan in 57-jierrige drankrider yn beslach naam. De Ljouwerter bestjoerder waard op de Troelstrawei oan de kant set.
Ut de blaastest die al gau bliken dat de man mei tefolle drank op achter it stjoer siet.