Ljouwerter rydt sûnder rydbewiis, brommer yn beslach naam

© ANP XTRA
De brommer fan in 17-jierrige Ljouwerter is sneintemiddei yn beslach naam. In motorplysje seach op de Skierstins in groepke snorscooters riden, mei ien brommerrider der tusken. Dy hie gjin helm op. Doe't de motorplysje him oanspruts, besocht de 17-jierrige Ljouwerter út te naaien. Doe't hy úteinlik oan de kant setten wie, die al gau bliken dat de bestjoerder gjin rydbewiis hie en dat de brommer net fersekere wie.
Doe't de motorplysje sei dat de jonge derfoar beboete waard, misledige hy de plysjeman. Om't bliken die dat it net de earste kear wie dat hy sûnder rydbewiis ried, is de brommer yn beslach naam.