Murk de Jong nije ynterim-direkteur fan Stichting DBF

© DBF
Murk de Jong fan Drachten wurdt ynterim-direkteur fan de Stifting Doarp en Bedriuw Fryslân (DBF). Hij folget Martin Cnossen op, dy't per 1 april direkteur wurdt fan marketing-organisaasje Merk Fryslân. De Jong hat in soad ûnderfining yn it management. Hy krijt bij DBF in aktive rol yn rinnende projekten.
De Jong wurdt ynterim-direkteur, omdat DBF yn de tuskentiid neffens eigen sizzen de definitive ynfolling fan de direksjefunksje regelje sil. DBF hat as doel om de leefberens en de ekonomy yn Noard-Nederlân te fersterkjen.