Gerben Huisman beneamd as ynterim-steategriffier

Gerben Huisman fan Ljouwert is woansdei yn de gearkomste fan Provinsjale Steaten beneamd as ynterim-steategriffier. Yn dy funksje begjint er op 1 april en hy bliuwt oant it momint dat der in nije griffier yn tsjinst komt. De hjoeddeiske griffier, Alwin Oortgiesen, giet by de provinsje Fryslân wei.
Op 1 maart sil Huisman by de steategriffy oan it wurk as loko-griffier. Hy is no noch haad fan de provinsjale ôfdieling SOBD, it Stêfburo ta Stipe fan Bestjoer en Direksje. Earder wie er bestjoersadviseur by de provinsje en wurke er yn Grins.