Swierferwûne by ûngelok yn Drachten

By in ûngelok op de Suderheide yn Drachten is de bestjoerder slim ferwûne rekke. De man is yn kritike tastân nei it sikehûs yn Grins brocht. De auto rekke troch noch ûnbekende oarsaak fan de dyk, skeat de berm yn en botste tsjin in beam.
De bestjoerder rekke beknipe yn de swier skansearre auto. Hy is dêr troch de helptsjinsten út helle. Dêrby is ek de help fan de meiwurkers fan de traumahelikopter oproppen. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok. De dyk is tydlik ôfsletten.