Fúzje basisskoallen Waskemar is mislearre

In fúzje tusken de twa basisskoallen yn Waskemar, CBS De Paadwizer en OBS Meester Van Hasselt, is mislearre. De âlden fan beide skoallen hawwe te min fertrouwen yn in fúzje, sa litte beide ûnderwiiskoepels De Tjongerwerven en Comperio witte.
De Paadwizer hat op it stuit sa'n sechstich learlingen en sit rom boppe de noarm fan 23 learlingen. Foar de Meester van Hasselt is dat oars. Dy skoalle soe noch maksimaal ien jier troch kinne.
Om't de fúzje mei De Paadwizer net slagget, wurdt der no sjoen nei de mooglikheid om te fusearjen mei OBS De Trede yn De Haule.
Alderjûn
De Paadwizer en harren ûnderwiiskoepel De Tjongerwerven wolle ynkoarten in âlderjûn organisearje, ek foar âlden fan Meester van Hasselt. It doel dêrfan is noch hieltyd in grutte doarpsskoalle yn Waskemar.