Protte ûndernimmers rinne soad enerzjy-subsydzje mis

Foar miljoenen oan plannen foar duorsume enerzjy-tapassingen bliuwe foarearst op de plank lizzen. Minister Henk Kamp besleat freed dat in grut part fan de subsydzjepot foar duorsume enerzjy nei koalesintrales giet. Dy krije it jild om biomassa by te stoken. In soad ûndernimmers binne teloarsteld.
By Ekwadraat yn Ljouwert leit in kwart fan alle oanfragen út Nederlân. Yn de subsydzjepot sit 4 miljard euro. Mear as de helte dêrfan giet nei de koalesintrales. Der bliuwt net folle oer foar oare plannen.
Ien fan de oanfregers foar subsydzje is Wiebe Goodijk fan Seisbierrum. Hy wol graach in monofergister op syn hiem. Dat is in lytse fergister dy't allinnich op dong draait. Mar dêr moat er no langer op wachtsje.
Yn septimber komt wer 4 miljard euro subsydzje beskikber. Faber fan Ekwadraat hat goede hoop dat in soad plannen dy't by syn bedriuw yntsjinne binne, dan wol finansjele stipe krije.