Provinsje lûkt 2 miljoen euro út foar bettere oanpak krimp

De provinsje wol it krimpbelied oanskerpje. Sa moatte de gefolgen fan minder jongeren en mear âlderen opfongen wurde. De regio's yn Fryslân meie sels beslisse hoe't se omgean wolle mei foarsjennings as swimbaden en biblioteken. De provinsje kin as it nedich is as regisseur optrede.
Mei in transysjefûns moat it probleem fan leechsteande skoallen oanpakt wurde. Foar de kommende fjouwer jier wurdt twa miljoen euro útlutsen foar de oanpak fan de gefolgen fan krimp. Ein maart nimme provinsjale steaten in beslút oer dizze oanpak.