Dronken Ljouwerter smyt dakpannen fan dak yn stêdssintrum

© Carla van Hoorn
In dronken Ljouwerter hat moandeitenacht op de Nijstêd yn syn wenplak dakpannen nei ûnderen smiten. De man wie mei in oare persoan fia in steger op in dak klommen. In tsjûge koe de plysje in beskriuwing fan de twa manlju jaan, op grûn dêrfan koe ien fan de twa oanhâlden wurde.
Hy hat twa prosessen-ferbaal krigen: ien foar iepenbier dronkenskip en ien foar fernieling. De oare persoan is noch net fûn.