De grins fan de Ljouwerter fleanbasis is hast berikt

© ANP
De grinzen fan de ynset fan it personiel fan de fleanbasis Ljouwert binne yn sicht. Op trije fronten wurde de militêren ynset. Yn it Midden-Easten yn de striid tsjin IS, yn Maly om de helikopters dêr te befeiligjen en yn Amearika om de komst fan de F35, de JSF, ta te rieden. Op de basis sels wurdt it ek allinnich mar drokker. It Nederlânske loftrom moat beskerme wurde mei de saneamde QRA-taak en yntusken moatte de piloaten goed traind bliuwe foar in mooglike ynset. “Soms moet je kiezen om taken niet te doen”, seit basiskommandant Denny Traas.
Troch Hayo Bootsma
Hast in healjier is Traas de earst ferantwurdlike op de fleanbasis. Hy wurke dêr earder as plakferfangend kommandant. Yn syn kantoar hinget in útdraai fan ûndersyksinstitút TNO. Op in tiidline stiet de ynset fan de F16 yn it bûtenlân. De ôfrûne 20 jier hat it tastel hast oan ien stik troch flein boppe konfliktgebieten. Kosovo, Libië, Afganistan en no ek boppe Syrië. It betsjut dat de útstjoerdruk heech is. Alle meiwurkers hawwe al wol meardere kearen yn it bûtenlân west. De druk begjint hast syn tol, te easkjen. As yn july in ein komt oan de missy yn it Midden-Easten wurdt earst in herstelperioade ynpland. “Die moet zo’n anderhalf jaar duren”, seit kommandant Denny Traas. “De inzet in het Midden-Oosten is vooral gericht op het bombarderen van gronddoelen. Andere aspecten zoals het oefenen van onderscheppingen en luchtgevechten komt dan in het geding. Daar moet aandacht voor komen.” De tiid foar herstel krije se net. Sa as it no liket wurdt de loftmacht dan wer yn NAVO-ferbân ynset foar de beskerming fan it loftrom fan de Baltyske Steaten. Der is ien foardiel: de QRA-taak, it ûnderskeppen fan fleantugen, wurdt yn de takomst dien mei België. Dat betsjut de helte minder ynset. Dy minsken kin dan goed ynset wurde foar oare missys.
Midden-Easten 
Ien dêrfan is dy yn it Midden-Easten. Fjouwer Nederlânske F16’s fleane geregeld út om doelen fan IS yn Irak te bombardearjen. De ynset wurdt breed wurdearre troch de koälysjepartners. Hieltyd faker binne it de Nederlânske piloaten dy’t de lieding hawwe by in oanfal. Koartlyn giene de Nederlanners foarop by in grutte oanfal. Yn de groep fleach ûnder oaren de F22 mei, it meast avansearre gefjochtsfleantúch fan no. Traas: “De Amerikanen weten wat we kunnen. We trainen veel met ze en dus vertrouwen ze ons dit soort fan taken en aanvallen toe.” Dy training bart ûnder oaren by Frisian Flag. Ofrûne jier fleagen Amerikaanske F15’s mei by de oefening. It belang fan dit soarte fan oefeningen en trainingen is dan ek grut foar de Nederlânske loftmacht. En ek foar it Fryske bedriuwslibben, sa seit Traas. “Hotelovernachtingen, catering, noem maar op. De spin-off is groot voor de regio”. Ek dit jier wurdt Frisian Flag wer organisearre. It is noch net krekt dúdlik hokker lannen allegearre meidogge.
Navo-taak 
De fleanbasis moat eins op foar it NAVO-eksamen. Dan wurde je test op in ynset yn it ‘uiterste geweldsspectrum’. De druk wurdt dan hiel heech opfierd. Mar it eksamen wurdt hieltyd mar wer útsteld. Om’t it sa drok is, kin it wolris 2017 wurde foar’t it eksamen ôfnaam wurdt. It jout oan hoe drok it is op de fleanbasis Ljouwert. Traas moat syn minsken yn beskerming nimme: “De mannen en vrouwen hier willen al snel 200 procent geven. Dat kan even maar niet de hele tijd. Ik moet de mensen soms echt afremmen.”
Feroaring 
De kommende jierren stiet yn it ramt fan feroaring. De plannen wurde makke mei help fan al it personiel. “Je moet de werkvloer maximaal betrekken bij deze verandering. De echte uitwerking vindt plaats op de werkvloer”, sa seit Traas. De kommende jierren giet op de basis de skeppe de grûn yn. Der bin nije gebouwen nedich foar de komst fan de F35. Ek moat it personiel dêr in goede oplieding foar krije. Yntusken moat ek de kennis en kunde oer de F16 net ferlern gean. “Tot zeker 2023 vliegen we met de F16. We opereren twee systemen naast elkaar. Wie zet je waar op in?” It is de kar dy’t de kommende jierren makke wurde moat.
Personiel 
Traas wol dan ek dat ‘squadrons’ mear te sizzen krije. “Het mandaat in de organisatie moet omlaag. De teams krijgen meer verantwoordelijkheden, gaan zelf keuzes maken. Als er dan problemen zijn, moet er een natuurlijke samenwerking ontstaan tussen mensen van de vliegbasis hier en die op Volkel. Zo creeër je veel kennis. Zo willen we effectief en adaptief worden als luchtmacht.” It probleem bliuwt it finen fan goed technysk personiel. Mei de komst fan de F35 is mear kennis nedich. “Heb je voor de F16 iemand nodig met een MBO-opleiding. Voor de F35 kijk je al snel naar hoger geschoolde mensen.” De saneamde ‘Gouden Driehoek’ is dan ek fan grut belang foar de fleanbasis Ljouwert. It bedriuwslibben, it ûnderwiis en definsje wurkje dêr yn gear. It smyt foar de learlingen ûnderfining op, foar de basis is it goed personiel.
De F35 
Yn 2019 moat de fleanbasis Ljouwert klear wêze foar de komst fan de F35, de JSF. Op it stuit wurdt efter de skermen hurd wurke om it tastel hjir ein dizze maitiid al te krijen. Foar de saneamde ‘belevingsvluchten’. Dy hawwe as doel omwenners fan de fleanbasis yn de kunde komme te litten mei it tastel. It giet dan benammen om it lûd dat it tastel makket. Omwenners bin benaud foar de mooglike oerlêst fan it tastel. Om se temjitte te kommen is besletten it tastel hjir fleane te litten. “We gaan kijken naar een totale beleving. We zijn nog bezig met de precieze invulling”, seit kommandant Traas. “Zo moet een goed beeld ontstaan van hoe de F35 vliegt.” Alle ljochten foar de komst fan it tastel stean op grien. It soe de earste kear wêze dat in F35 fan Amearika nei Europa fleant. Oarsom is al in F35 de Atlantyske Oseaan oerstutsen. Bykommend foardiel is dat de nijste oanwinst fan definsje op de loftmachtdagen op 10 en 11 juny oan it grutte publyk toand wurde kin.
Op de fleanbasis Edwards yn de Feriene Steaten wurdt troch it testteam in soad wurk ferset. It is ek hurd nedich want de F16 begjint dúdlik âlder te wurden. It ûnderhâld oan it wurkhynder fan de loftmacht wurdt hieltyd dreger. “Zo nu en dan kom je zaken tegen die je niet verwacht. Zo hadden we in een paar toestellen roestvorming aan de binnenkant. Dan moet er een volledige plaat worden vervangen.” Soargen oer de loftweardigens binne der net. “Onderhoud is erg belangrijk op dit moment”.
Earst wie it ek noch de bedoeling dat der ûnbemanne fleantugen, de MQ-9 Reapers, nei de fleanbasis komme soene. Dat beslút is útsteld. As se komme is it net earder as begjin jierren ’20. De kommende tiid hat Traas oare drokte. Njonken de loftmachtdagen en alle no rinnende missys moatte ek nije mooglike útstjoeringen taret wurde. En dêr tuskentroch moat soarge wurde dat de minsken op it goede momint de goede oplieding krije foar de komst fan de F35. Denny Traas is der klear foar.
Omrop Fryslân stjoerde yn 2014 in dokumintêre út oer de takomst fan de fleanbasis yn Ljouwert. De Fryslân DOK 'Fleanend de takomst yn' is hjir werom te sjen.