Drankrider út De Westereen moat rydbewiis ynleverje
In 40-jierrige man út De Westereen moast tongersdeitejûn syn rydbewiis ynleverje. By in kontrôle die bliken dat de man mei drank op achter it stjoer siet. Hy krige in proses-ferbaal en is troch de plysje oanmelden by it CBR om in kursus te folgjen.