Sliepe yn in trechter? It kin tenei yn Harns

Oernachtsje yn in grutte sântrechter. Fan 2018 ôf kin dat yn Harns. Tongersdei wurdt de trechter ynmetten oan de Korte Lijnbaan yn Harns. Undernimster Jellie Tichelaar betocht de bysûndere hotelkeamer.
Keunstner Claudy Jongstra en arsjitekt Hans Achterbosch binne ek by it projekt belutsen. Kulturele Haadstêd 2018 hat de bysûndere oernachtingsplak al adoptearre. It is net foar it earst dat Harns in opfallende hotelkeamer krijt: minsken kinne dêr ek al oernachtsje yn in kraan en in fjoertoer.