Smellingerlân wol ûndersyk nei mear wenweinstânplakken

Gemeente Smellingerlân
De gemeente Smellingerlân wol dat der ûndersyk komt nei it útwreidzjen fan it oantal wenweinstânplakken. Foarich jier april joech de Roma- en Woonwagengemeenschap oan dat se ferlet hat fan mear stânplakken yn de gemeente. Underwilens ha der ferskate petearen west.
Wenningboukorporaasje WoonFriesland en de bewennerskommisje sille no fierder om tafel om te sjen oft der mear stânplakken komme kinne. De gemeente Smellingerlân, dy't dêr in bemiddeljende rol yn spilet, ferwachtet dat der letter dit jier in advys komt.
De gemeenteried moat dêrnei noch oer dat advys te set.