Drinkwetterprojekt foar Mozambyk giet twa jier langer troch

© Omrop Fryslân
It ûntwikkelingsprojekt 'Schoon Water voor Mozambique' kriget in ferlinging fan twa jier. Dat hat de provinsje bekend makke. Fryske gemeenten en Wetterskip Fryslân stelle dêr 700.000 euro foar beskikber.
De Nederlânske ambassade yn Mozambyk en it ministearje fan Bûtenlânske Hannel en Untwikkelingsgearwurking hat frege om yn noch fjouwer gebieten yn it lân wc's en drinkwetterfoarsjennings oan te lizzen. It ministearje stelt sels ek 450.000 euro beskikber.