Doeksen skrast ferskate sneltsjinsten fanwege minne waar

De sneltsjinst fan Rederij Doeksen © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Fanwege it minne waar hat rederij Doeksen guon tsjinsten tusken Harns en Flylân skrast. It giet om de sneltsjinst fan Harns nei Flylân om tweintich oer fiven, fan Skylge nei Flylân om tweintich oer seizen en de sneltsjinst fan Flylân nei Harns fan fiif foar sânen.
De gewoane feartsjinst fart wol ekstra, fan Flylân nei Harns om fiif oere en fan Harns nei Flylân om sân oere jûns.