Omrop TIP: Buro de Vries oer flechtlingeplannen yn Jorwert

Komme der flechtlingen yn it doarpshûs fan Jorwert te wenjen? In inisjatyfgroepke fan fiif froulju is mei dit plan dwaande. Wer rinne sy tsjinoan? Hoe reagearret it doarp op dit inisjatyf? Wat fynt de gemeente derfan? Wer komt it jild wei om it doarpshûs te ferbouwen? Der sitte in hiel soad kanten oan en der moatte hiel wat hobbels nommen wurde foar't it safier is. Buro de Vries folget de fiif froulju en har krewearjen.
Dizze earste reportaazje giet oer it brainstoarmjen oan de keukenstafel, de gemeente dy't it doarpshûs besjocht en de oannimmer dy't foar in boutekening soarget.
De doarren fan it radioprogramma Buro de Vries binne sneins oerdei iepen fan 11:00 oant 13:00 oere. Ek jûns is it Buro op de stjoerder. Sneontejûns kinne jo harkje nei de earste oere fan de reguliere útstjoering en sneintejûns wurdt de twadde oere werhelle. Beide jûnen fan 22:00 oant 23:00 oere.