Boarstfiedmomint yn Bynt soarget foar in soad reaksjes

In bysûnder momint yn it telefyzjeprogramma Bynt woansdeitejûn, soarget foar in hûnderten reaksjes op sosjale media. Midden yn it petear joech mem Justina van Baal ynienen live op telefyzje boarstfieding oan har dochter Fiora.
Van Baal wie oanskood yn Bynt om te praten oer ‘Natuurlijk Ouderschap’, in metoade fan it grutbringen fan bern, dêr’t boarstfieding op fersyk by heart. It opmerklike fragmint waard op de Facebookside fan Omrop Fryslân hast 150.000 kear besjoen, hast 500 kear dield en smiet mear as 400 reaksjes op. It fragmint wie ek te sjen op oare websides, lykas De Wereld Draait Door, LindaNieuws en Dumpert.
"Puur natuer"
“Hie ik dit ferwacht? Nee, mar ik wist wol dat der in soad minsken binne dy’t muoite hawwe mei soks”, seit Van Baal tongersdeitemiddei op de radio yn De middei fan Fryslân. “Guon minsken tinken dat it in toanielstikje wie, mar it wie puur natuer!” Se fielt har dochs wol stipe troch de reaksjes op har kar om berntsje Fiora live te fieden, al is net elkenien entûsjast.
Reaksjes
Desi Niemans Schoenmaker seit op Facebook har ûngemaklik te fielen as sy derby west wie. “Zou me hier zelf als moeder niet prettig bij voelen. Ook niet om erlangs te zitten. Het is iets intiems en moois wat je met je kind deelt, niet wat de rest van Nederland ook moet zien!”
It grutste part fan de reaksjes wie posityf oer it bysûndere tv-momint, al freegje guon harren wol ôf oft der net in lapke foar it boarst koe. “Persoonlijk zou ik wel een soort omslag doek gebruiken. Niet iedereen hoeft je borst te zien vind ik. Maar toch vind ik het wel gedurfd” fynt Bernadette Gonsalves. Neffens Gerry Labordus is it hiel gewoan: “Dit soe eins hiel gewoan fûn wurde moatte. Neat frjemds oan! It is dochs hier natuerlik."
Gjin spyt
Van Baal hat gjin spyt fan har aksje. "Ik fyn it wichtich dat elkenien dy bylden sjocht en as der mar in pear froulju binne dy’t tinke fan ‘prima, ik fied myn bern fan no ôf ek wannear’t ik wol’, is myn doel al berikt.”