Socht: Tsiismakkers foar 'Griene Tsiis Contest'

© crossofthedutchman.com
Hokker Fryske tsiismakker makket de bêste griene tsiis? Om dat te bepalen, organisearret lokaasjeteaterselskip PeerGrouP in tsiiswedstriid. Dielnimmers moatte in orizjinele griene tsiis meitsje, nei oanlieding fan de romrofte útspraak fan Grutte Pier: "Bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin, is gjin oprjochte Fries."
De wedstriid wurdt organisearre yn it ramt fan de grutte iepenloftfoarstelling Grutte Pier De Misje, dy't it selskip dizze simmer spylje sil yn Kimswert. Dêr is Grutte Pier berne.
Grutte Pier-famyljedei
De sjuery, dy't bestiet út tsiiskenners, kulinêre masters en in bekende neikommeling fan Grutte Pier, sil op de Grutte Pier-famyljedei bepale hokker tsiis de bêste is.
De famyljedei wurdt organisearre foar alle neikommelingen fan Grutte Pier dy't fûn binne yn it stambeamûndersyk fan it Frysk Argyf Tresoar mei de PeerGrouP. Nei ferwachting sille der sa'n 1.000 neikommelingen komme. De famyljedei wurdt hâlden op snein 19 juny. Dan is it heitedei.