Jonge (19) ferwûne oan gesicht

© Omrop Fryslân
De plysje ûndersiket de mishanneling fan in jonge (19) fan It Hearrenfean. Dy rekke woansdeitenacht ferwûne oan it gesicht, doe't in ûnbekende man besocht him mei in mes te stekken. Dat wie foar it hûs fan de jonge oan de Beugel. De jonge wie nei bûten gien, om't er net sliepe koe troch lawaai op strjitte. Doe't er twa manlju dêr op oanspruts, besocht ien fan de twa him mei it mes te stekken. De twa naaiden dêrnei út. De plysje hat noch nei har socht, mar har net fûn.