Elma de Vries skeeleret fierder by Keep Moving

© Glenn Wassenberg en Neeke Smit
Elma de Vries (32) skeeleret takom simmer by it inlineteam Keep Moving. Se hopet dêr yn alle gefallen noch ien seizoen op topnivo te riden. Ek wol se har kennis en ûnderfining diele mei de oare leden fan it team. De Vries sit no noch by it team Sprog, mar dat hâldt op, de rydsters geane allegear nei ferskillende teams.
De bêste rydsters sieten by Sprog en wûnen eins alle wedstriden en dat wie net echt goed foar de sport. No't de kwaliteiten ferdield wurde oer meardere teams, is de ferwachting dat de kompetysje ek spannender wurde sil.