Kollum: "Meiprate"

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.
"Dat waar fan tsjintwurdich. Harrejasses. Gjin wûnder dat de hiele wrâld sa siik as in hûn is. Wêrom ha we eins in griyprik hân. Elk jier sizze de lju dy’t dy drugs ynspuite ha: "Ja spitich dizze gryp koene we noch net, dus dy siet der net yn." Mar elk jier wol in soad jild fan de oerheid krije om it te regeljen. En dan dat kloatewaar der ek noch oerhinne. Wetterkâld yn ieren en sinen. En wat it slimste is, de hiele provinsje is ek yn syn uterlik o sa siik. Griis en grou oant yn it murch. Gjin inkelde útstrieling of wat dan ek. It hoastet mar wat om.
Foaral yn Harns bart dat, en dan wurdt it waar by dat hoastjen ek noch holpen troch de Reststoffen Energie Centrale. En sûnt de tiid fan tarieding oant de dei fan hjoed ha der groepkes lju west dy’t benaud wiene foar de útstjit fan dizze wat wy ienfâldich noch altyd de ferbaarningsûne neame. No ja en media bin tsjintwurdich foar de roppers. En roppers roppe somtiden terjochte en soms ûnterjochte, mar sa kamen se dus altyd wol yn byld.
Noch, elke kear as der wer wat is, dan komme de tsjinstanners op de mediale proppen. No wiene der wat oare fabriken tichtby, dy’t seine: ja der komt sa no en dan in skerpe reek út dat ding. Drok meitsje se har der ek net oer, se ha noch net iens in klacht yntsjinne. Ien fan de bazen fan sa’n bedriuw sei: "Ik gean gewoan nei hûs, dan ha ik der gjin lêst mear fan en (mar dat sei hy net lûdop) de lju dy’t hjir wurkje moatte har mar rêde. Net echt in man fan “Als we gaan, gaan we met z’n allen”.
Mar we (of eins se) gean mei syn allen wol nei de ferdommenis dêr yn Harns as yndied blykt dat de ûne in ferkearde útstjit hat. Se ferbaarne dêr no ommers ek al rotsoai út oare lannen. En wy sitte altyd mei de fraach "Wa hat no gelyk en wa net?" Omrin kin twahûndert saakkundigen útsykje litte dat it allegear wol goed sit, mar dat komt net nei bûten. Pas by it safolste ferhaal oer in hin fol dioksine of prikeljende stjonkerij yn de loft. Ek al soe dat inkeld komme fan it fisktintsje op ’e brêge mei in fergetten potfisk, dy’t wat te lang op it fjoer stie.
Fan 'e wike dan yn Dokkum. Dêr hat in keunstner, in bûtenlânske wierskynlik want it giet yn it ramt fan Kulturele Haadstêd, in fontein betocht, mar dan is wol de hiele Merk sawat fuort. Der binne 150 beswieren ynkaam. Krekt mei dy lju wol it gemeentebestjoer no prate. Dan witte wy al dat it gemeentebestjoer sa’n grutte fontein eins neat fynt, sels wat net-Dokkums. Want der is in gruttere kwak lju dy’t graach nei Dokkum komme wolle om der in Merk fol fonteinwetter te sjen, en dy parkearje graach harren auto oan de Hurddraversdyk of sa. Mar dy hearre we net. Oerheden harkje nei wat harren it handichst útkomt.
Dus fertel my net dat wy meiprate. Dêr hâlde we ek mar mei op. We gean efteroer sitten en sjogge oerheden wol trochknoeien. Krekt as op de Drachtsterbrêge yn Ljouwert. Yndertiid, jierren lyn ha we allegear fraachtekens set by in akwadukt te meitsjen njonken in brêge, heal yn in wenwyk. Och heden, dat koe. Seine se. Fan 'e wike stienen der allerhanne lju yn gielreade pakjes, ferkearsbegelieders, de frachtweinen te wizen dat se net oer de Drachtsterbrêge koene. Mei de bussen omride oer de Oeriselsestrjitwei. Ik doarde der sels al amper mear lâns mei de auto, want der wie wer in lek, pomp derop en hup de brêge fersakket.
Wy bemoeie ús nearne mei. Heukerje oer in fersakke brêge. It akwadukt komt in pear jier te let klear. De bouwer fan it spul giet nammentlik tidens it wurk ek noch fallyt, de prosedueres oer it folle mear wat it kostjen giet binne al oan de gong. Yn 2018 stiet dêr de Ljouwert haadstêdfontein omheech te spuitsjen yn in soad bourotsoai. Mar ach dat lûkt ek wer minsken. As it teminsten moai waar wurdt."