Follybalsters Snits hawwe te kampen mei blessueres

De Snitser follybalsters © Omrop Fryslân, Freark Wijma
Nei oanfierder Fenna Zeinstra is no ek spulferdielster Simone Linstra fan follybalklup Snits foar in skoft útskeakele. Linstra hat in fersteuring fan it evenwichtsorgaan. Se kin allinnich kontrolearjende bewegingen meitsje en dus net follybalje. Boppedat is se gau wurch en dûzelich.
Trainster Petra Groenland tinkt dat Linstra noch twa of trije wedstriden oan de kant sitte moat. Groenland besjocht per wedstriid op hokker ferfanger se in berop docht.