Westerveld fernuvere oer fúzjefoarstel Weststellingwerf

De gemeente Westerveld yn Drinte is folslein fernuvere oer de takomstsenario's fan it buro Rijnconsult foar de gemeente Weststellingwerf. Ien fan de opsjes dy't besjoen wurdt, is it foarmjen fan ien grutte gemeente Saksenland.
Yn dat senario fusearret Weststellingwerf mei Eaststellingwerf, mar ek mei Steenwijkerland yn Oerisel en Westerveld yn Drinte. Mar de gemeente Westerveld is hielendal net heard oft se wol meidwaan wolle, seit boargemaster Rikus Jager.
Boppedat hawwe de gemeenten yn Drinte ôfpraat foarearst gjin fúzjetrajekten te begjinnen, mar harren te rjochtsjen op de nije taken dy't se fan it Ryk krigen ha.