D66 pleitet foar de komst fan in McWeed by Ljouwert

D66 yn Ljouwert tinkt dat In coffeeshop oan de râne fan de stêd in oplossing wêze kin foar de problemen dy't coffeeshops yn it sintrum feroarsaakje. De partij neamt it sels in McWeed, in coffeeshop yn de foarm fan in McDrive.
Coffeeshops meie no allinne yn it sintrum fan de stêd. Mar de strange regels oer de ôfstân tusken coffeeshops en skoallen en de soargje foar problemen. En dat jildt ek foar de ferkearsdrokte. Neffens D66 is it dêrom tiid om it coffeeshopbelied ris goed tsjin it ljocht te hâlden.
De gemeenteried praat der moandeitejûn oer.