'Skriezekonsert' mei 250 muzikanten yn Beetstersweach

250 muzikanten fan njoggen HaFaBra-orkesten út Opsterlân jouwe op 30 jannewaris in bysûnder konsert. Under de titel Birds & Brass spylje se stikken mei de tema's lânskip en fûgels. Op it programma stiet ek it wurk Reade Skries fan Sytze Pruiksma. It konsert is yn de sporthal fan revalidaasje Fryslân yn Beetstersweach.
It is it doel dat oare Fryske muzykfederaasjes inselde soart konsert jouwe oant 2018. Dat jier is Ljouwert kulturele haadstêd. Dan is der in grut muzykspektakel mei twatûzen muzikanten.
Birds & Brass is bedoeld om de Fryske HaFaBra-wrâld hjir entûsjast foar te krijen.