Fryske sikehuzen behannelje al mear as 200 izelslachtoffers

© ANP
De Fryske sikehuzen hawwe de ôfrûne dagen meielkoar al mear as 200 minsken binnenkrigen dy't it slachtoffer wurden binne fan de izel. It MCL hat yn twa dagen 100 minsken behannele, yn Drachten wiene dat 52. By de Tjongerskâns kamen oant no ta 34 izelslachtoffers op de earste help.
By it Antonius sikehûs yn Snits wie it tiisdei frij rêstich mei sân pasjinten, mar woansdei krigen se 25 minsken op de earste help, dy't fallen wiene troch de izel.