Tiisdei kwalik post, mar wol pakketten

© Carla van Hoorn
Fanwege it minne waar wurde tiisdei yn Fryslân kwalik brieven besoarge. PostNL hat dêrfoar keazen omdat der yn Fryslân in protte bûtengebiet is, en dan is it dreech om de post by de minsken te krijen. Pakketten wurde wol besoarge, mar allinne as dat feilich kin. Datselde jildt foar roukaarten en medyske post.
Foar safier't dy net besoarge wurde, besiket PostNL de ferstjoerders en ûntfangers tillefoanysk te berikken.