Ynbrekkers binne út op oaljekoekewinst bakker Vliegendehond

By bakker Vliegendehond yn Wolvegea is dit wykein in ravaazje oanrjochte troch ynbrekkers. Se sloegen ta yn de nacht fan sneon op snein. Se hawwe de hiele saak trochsocht. Mooglik tochten se dat der in protte jild lei fan de ferkeap fan oaljekoeken.
Mei de feestdagen hat de bakkerij it neffens tradysje smoardrok hân. De oaljekoeken fan Vliegendehond skoare altyd heech yn de jierlikse test fan it Algemeen Dagblad. Jild wie der lykwols net te finen, wol binne in pear gouden spjeldsjes en in gouden horloazje meinaam.
Dat hie noch fan de pake fan Ivo Vliegendehond west. "Dat zijn dingen met emotionele waarde en dat is veel erger dan geld." De dieven moatte oeren dwaande west hawwe om de klûs iepen te krijen. Omdat dy yn it sicht stiet, hawwe se de klûs sels nei in oare romte sleept.
Nettsjinsteande de ravaazje wie de bakkerij moandei wol gewoan iepen. "Alles is opgeruimd en de kassa's zijn vervangen, maar het zit nog wel in je hoofd." Der komme nije slotten op de doarren. Fierder tinkt Vliegendehond oan it oanlizzen fan in alaarmynstallaasje.