TenneT: Ek moandei noch kâns op knipperjende ljochten

Netbehearder TenneT warskôget dat minsken ek moandei noch lêst hawwe kinne fan knipperjende ljochten of koarte stroomdipkes. Dit wurdt feroarsake troch it kâlde waar. Dêrtroch ûntstiet izel op de heechspanningskabels. Dy sette de kabels yn beweging, it 'linedûnsjen'.
TenneT seit fierder dat der gjin sprake is fan stroomútfal of in steuring. De sitewaasje is stabyl. Wannear't de stroomdipkes oplost binne, kin TenneT net sizze.