Ferwûne nei botsing mei in ko

De swier skansearre auto (foto: Robertjan Boonstra)
In 19-jierrige man út Aldeleie is freedtenacht op de Hegedyk by Stiens swier ferwûne rekke neidat hy mei syn auto op in losrinnende ko botst wie. De bestjoerder hat de ko wierskynlik net sjoen, omdat it op dat momint hiel mistich wie. Nei de botsing rekke hy mei syn auto yn de sleat.
Foarbygongers hawwe de helptsjinsten warskôge. De bestjoerder is út de auto seage en nei it UMCG brocht. De plysje hat de dyk ôfsetten om de oarsaak te ûndersykjen. De ko is dea.