Brêge hjit 'Hitsumer Hichte''

© Omrop Fryslân
De nije fytsbrêge yn de súdlike rûnwei fan Frjentsjer hat as namme 'Hitsumer Hichte' krigen. Dat is woansdeitemiddei by de offisjele iepening fan de rûnwei bekend makke. De namme is it resultaat fan in priisfraach dy't de gemeente útskreaun hie.
Der is keazen foar Hitsumer Hichte, omdat de namme goed past by de hege brêge yn it fytspaad tusken Frjentsjer en Hitsum. Der wiene mei-elkoar 148 ideeën foar in namme yntsjinne.