Rolstoel krijt romte op Sweach

© Omrop Fryslân
Winkelbesitters yn de Haadstrjitte fan Beetstersweach moatte mear romte meitsje op strjitte foar rolstoelers. Der is foar de rolstoelen te min romte op de stoepen fanwege terrassen, buorden en weinen dy't op de stoepe parkeard wurde.
Fierder lizze op guon plakken de strjitstiennen der net goed yn. Bewenners fan Revalidatie Friesland ha klage oer de obstakels op strjitte. De gemeente past de stoepen oan en siket fierdere oplossingen.