Loads yn Drachten yn brân
Yn in loads op yndustryterrein de Haven yn Drachten is tiisdeitejûn brân útbrutsen. Mooglik giet it om in himpkwekerij.
De loads oan De Helmhout stiet te hier. De brânwacht rukte mei grut materieel út. Omdat net bekend wie wat der yn de loads opslein lei, gie de brânwacht net nei binnen. De loads rûn grutte skea op. De brân wie dreech te bestriden.