Koarte rûnwei net reëel

© Omrop Fryslân
De oanlis fan in koarte rûnwei om Koatstertille hinne is net reëel. Dat stelt yngenieursburo Royal_Haskoning yn de einrapportaazje fan it ûndersyk nei de ferkearsproblematyk yn Koatstertille. It bêste kin de Alde Dyk noch fierder duorsum ynrjochte wurde.
De Alde Dyk is de iennichste ûntsluting fan Koatstertille. It buro hat it advys dellein by it kolleezje fan B en W fan Achtkarspelen. Dat bûcht him tiisdei oer it ûndersyk.