De Jouwer wint fan de Treffers

Sneinshaadklasser De Jouwer hat foar in fantastyske stunt soarge troch yn Groesbeek mei 2-0 fan de Treffers te winnen. Peter Buise wie yn de earste helte suksesfol en makke de 1-0.
Yn de twadde helte wie it Peter van der Slot dy't de 2-0 op it skoareboerd sette en dat wie ek de einstân. Neffens trainer Wieb Rodenhuis wie it in oerwinning fan it kollektyf. De Jousters hawwe striden foar elke fjouwerkante meter.